Contact

Frysk

Frysk op It Kruirêd

Fryslân is in meartalige provinsje. Neist it Nederlânsk funksjonearret it Frysk as twadde taal yn sawat alle domeinen fan it sosjaalmaatskiplik en kulturele libben. Bern wurde oeral en samar konfrontearre mei Fryske sprek- en skriuwtaal. Wy wolle ús bern goed tariede op it aktyf partisipearjen yn in maatskippij dêr’t de fryske taal in wêzenlik plak ynnimt. Foar in grut part fan ús bern is Frysk de thústaal. It pedagogyske en didaktyske belang fan memmetaalûnderwiis is dan ek tige wichtich foar ús. Troch de bern sa folle mooglik yn harren eigen taal op te fangen en oan te sprekken fiele hja har feilich en fertroud op skoalle. Op dizze wize wurkje wy oan it ‘welbevinden’ fan de bern. En dat is de basis foar al it learen op skoalle. Fanút harren eigen taal wurde de bern dêrmei bewust makke fan de oare taal. Troch it meitsjen fan ôfspraken oer it taaloanbod is der in trochgeande line yn de skoalle en kinne de learkrêften mekoar helpe, stypje en op saken oansprekke. Boppedat is it fak Frysk wetlik ferplichte en sil de Fryske taal ek as fiertaal by oare fakken brûkt wurde. Op ’t heden brûke wy de folgjende metoaden/materialen/programma’s:

♦ Groep 1 t/m 8: Studio F
♦ Groep 6 t/m 8: Switsj

Praktyk oangeande fiertaal en omgomgstaal
Op It Kruirêd binne der dúdlike ôfspraken oer it brûken fan it Frysk as fiertaal op skoalle. Ek is it ôfhinklik fan de thústaal fan de bern en de ynteraksje tusken de learkrêft en de bern. Benammen by de beukers is it gebrûk fan de taal bot ôfhinkelik fan de memmetaal. Yn de oare groepen is foar it grutste part Nederlânsk de fiertaal. Ynstruksje oan de bern dogge wy yn it Nederlânsk.

Doelen ûnderwiisoanbod

Attitude: Yn ús hâlden en dragen libje wy in positive attitude oangeande it Frysk foar.
It Frysk klinkt regelmjittich yn ‘e skoalle.

Ferstean: Us ûnderwiisoanbod is der op rjochte dat alle learlingen oan ‘e ein fan ‘e basisskoalle yn alle gefallen it Frysk ferstean kinnen moatte.

Lêzen: Us ûnderwiisoanbod is der op rjochte dat alle learlingen oan ‘e ein fan ‘e basisskoalle ynformaasje opdwaan kinne út Frysktalige teksten.

Praten: Us ûnderwiisoanbod is der op rjochte dat alle learlingen har oan ’e ein fan ‘e basisskoalle yn deistige sitewaasjes nei foarm en ynhâld uterje kinne en doare yn it Frysk.

Skriuwen: Us ûnderwiisoanbod is der op rjochte dat safolle mooglik learlingen oan ‘e ein fan ‘e basisskoalle de skriuwwize fan ienfâldige wurden en sinnen yn it Frysk leard ha.

Yn ‘e ynformaasjefoarsjenning en presintaasje nei bûten ta brûke wy mûnling ôfwikseljend Frysk en Nederlânsk. Yn it skriftlik ferkear betsjinje wy ús it meast fan it Nederlânsk (skoalgids, kalinder, nijsbrief).